Radioprogramma

(Trochferwiisd fan Radioprogramma's)

In radioprogramma is in útstjoering mei in strukturearre ynhâld fia de radioweagen fan 'e eter. Sa'n útstjoering wurdt dien mei in radiostjoerder, en de harkers kinne de útstjoering ûnfange mei harren radiotastellen. Sûnt likernôch 2000 wurde radioprogramma's ek wol digitaal útstjoerd, oer it ynternet. Dêrfoar is gjin radiostjoerder nedich en harkers moatte dan, ynstee fan in radiotastel te hawwen, oer in kompjûter beskikke mei tagong ta breedbânynternet.

By in radioprogramma kin it gean om in útstjoering foar ien kear of om in weromkearende útstjoering. Alle byinoar hearrende weromkearende útstjoerings mei-inoar foarmje in radiosearje, wylst ien sa'n útstjoering in ôflevering út 'e searje is. In oar ûnderskie tusken radioprogramma's is dat in protte live útstjoerd wurde, wylst oaren yn 't foar opnommen binne. De measte radioprogramma's binne tsjintwurdich ynformatyf (lykas nijsprogramma's en aktualiteiterubriken) of rjochte op fermaak (lykas muzykprogramma's). Fiktive radioprogramma's, yn 'e foarm fan in toanielstik op 'e radio, besteane ek; soks hjit in harkspul.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.