Springe nei ynhâld

Pornofilm

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pornografyske film)
Pornoakteurs en leden fan 'e filmcrew oan it wurk by de opnamen fan in produksje fan regisseur Pierre Woodman yn Austraalje.

In pornofilm, pornografyske film of ek wol seksfilm is in film wêryn't seks tusken de akteurs eksplisyt yn byld brocht wurdt en it wichtichste ûnderwerp is. Sokke films binne bedoeld om 'e sjogger seksueel op te winen. Pornofilms kinne in plot hawwe, mar as dat sa is, dan is it ferhaal altyd fan ûndergeskikt belang yn ferhâlding ta de seks. In protte fan sokke films litte dêrom in ferhaal mar hielendal gewurde en besteane inkeld út in opienfolging fan sekssênes. De akteurs yn pornofilms binne pornoakteurs. Dyselden kinne ta sekswurkers rekene wurde, yn 'e mande mei û.o. strippers en prostituees. De ierste pornofilms datearje út 'e twadde helte fan it desennium fan 'e 1900-er jierren. De wetlike status fan pornofilms ferskilt fan lân ta lân, mar yn 'e Westerske wrâld binne se tsjintwurdich oer it algemien legaal. Dat jildt fansels net foar bernepornografyske films, wêryn't bern seksueel misbrûkt wurde, wat in misdriuw is. As men it oer de 'pornofilm' as sjenre hat, wurdt dy term lykwols ornaris begrepen as seksfilms mei mearderjierrige ynstimmende folwoeksenen as spilers.

Sêfte en hurde pornografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt ûnderskie makke tusken sêfte pornografy of softcore en hurde pornografy of hardcore. By sêfte pornofilms of softpornofilms wurdt de seks almeast simulearre en bliuwe de geslachtsdielen fan 'e akteurs bûten byld as de 'seks' plakfynt. Meastal wurde yn sokke films ek gjin ereksjes toand of hielendal gjin penissen. By hurde pornofilms of hardpornofilms wurdt alles sjen litten en hawwe de akteurs echt seks mei-inoar, mei penetraasje en ejakulaasje en al. It shot wêryn't in manlike akteur ejakulearret, wurdt it cumshot neamd, nei cum, in Ingelske sprektaalterm foar sperma. Foarmen fan seks dy't karakteristyk binne foar hurde pornografy (mar yn it gewoane libben ornaris net folle foarkomme), binne anale seks, dûbele penetraasje en de gangbang.

De Frânske pornofilm L'heure du thé ("Teetyd") út 1925 (spyldoer: 4.36 min.).

Pornografyske en eroatyske films

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eroatyske films wurde gauris lykslein mei pornofilms, mar dat is in fersin. Yn it foarste plak wurdt yn eroatyske films gjin eksplisite seks yn byld brocht, dat wat dat oangiet, hawwe se mear gemien mei sêfte as mei hurde porno. Mar, wat wichtiger is: yn eroatyske films is de seks ûndergeskikt oan it ferhaal, wylst yn pornofilms it ferhaal ûndergeskikt is oan 'e seks.

De produksje fan seksueel tinte films sette hast fuortendaliks útein nei't it medium film útfûn wie. Twa fan 'e ierste pioniers op dat mêd wiene de Frânsen Eugène Pirou en Albert Kirchner. Under de skûlnamme "Léar" regissearre Kirchner yn 1896 de âldste film wêryn't in neakene frou te sjen wie, dy't troch Pirou produsearre waard. Dat wie Le Coucher de la Mariée, in koarte film fan 7 minuten, wêryn't aktrise Louise Willy yn 'e badkeamer in striptease útfiert. Datselde jiers wie yn The May Irwin Kiss, mei in spyldoer fan net mear as 47 sekonden, de earste tongtút op film te sjen. De Roomsk-Katolike Tsjerke fûn dat skokkend en obseen en rôp op ta sinsuer fan soksoarte films.

De set fan in pornofilm.

Echte pornofilms, dus films wêryn't bylden fan seksuele omgong opnommen wiene, foelen doedestiden fansels hielendal bûten de algemien akseptearre noarmen en wearden. Om't it sadwaande fanneeds klandestine films wiene, dy't yn it ferhoalene ferhannele en besjoen wurde moasten, is it dreech om te sizzen hokker de âldste is. It tinken mank saakkundigen is dat it wolris El Sartorio (ek stavere as El Sartario) wêze kinne soe, dy't datearre wurdt tusken 1907 en 1912. Dat is in Argentynske film, opnommen yn Quilmes of Rosario, wêryn't in gleie sater oan 'e igge fan in rivier seis neakene nimfen oer it mad komt, ien fangt en seks mei har hat yn ferskate stantsjes, wêrûnder stantsje 69. El Sartorio is bewarre bleaun en is op 't heden op 'e noed fan it Amerikaanske Kinsey Ynstitút, dat ien fan 'e grutste kolleksjes iere pornofilms fan 'e wrâld besit.

De reden foar it feit dat de earste pornofilm út Argentynje komme kinne soe, is dat dat lân oan it begjin fan 'e tweintichste iuw it earste wrâldsintrum fan 'e pornografyske filmyndustry wie. Om't yn Jeropa doedestiden in frij strange sinsuer op soksoarte films bestie, ferpleatsten Frânske filmstudio's as Pathé en Gaumont de produksje fan harren pornofilms nei Argentynje, dêr't de autoriteiten de filmmakkers gewurde lieten. De ierste pornoaktrises wiene dêre oer it algemien prostituees út 'e bordelen fan Buenos Aires en oare gruttere Argentynske stêden. De films waarden per skip nei Jeropa brocht en dêr nei oankomst, neffens Hernán Ferreirós yn syn boek La Argentinidad al Palo, ûnderhânsk ferkocht as in "ferfine [foarm fan] fermaak" foar hearen "út 'e begoedige klassen". De measte films bedarren yn Frankryk en Ingelân, mar in diel gie nei Dútslân, Eastenryk-Hongarije, Ruslân en de Balkanlannen.

Pornoakteurs Lou Charmelle en Manuel Ferrara oan it begjin fan in sekssêne efter yn in limûsine.

In oare film dy't kâns makket om 'e ierste pornofilm fan 'e wrâld te wêzen, is À l'Écu d'Or, ou: La bonne auberge, dy't yn 1908 yn Frankryk makke waard. Dêryn wurdt in wurge soldaat toand, dy't yn in herberge op bêd slagget mei in keamerfamke. Tsjin 1910 wiene de konvinsjes fan it pornofilmsjenre al fêstige, sa't te sjen is yn 'e Dútske film Am Abend, dy't in spyldoer fan tsien minuten hat. It begjint mei in frou allinnich yn har sliepkeamer dy't harsels oan it fingerjen is. Se wurdt trappearre troch in man dy't him troch har ôfsûge lit, wêrnei't se earst faginale seks hawwe en dêrnei anale seks.

Tsjin 1920 wiene pornofilms yn frijwol alle lannen ferbean. Dat betsjutte net dat se net mear makke waarden, mar wol dat de makkers noch foarsichtiger te wurk gean moasten. Frijwol de iennichste plakken dêr't sokke films besjoen wurde koene, wie yn 'e beslettenens fan jins eigen hûs of yn in bordeel (mei't prostitúsje frijwol oeral dochs ek al yllegaal wie). It opnimmen en behanneljen fan 'e films wie frijwat tiid, technyske kennis en ark en reau foar nedich. Dêrom hie doedestiden de organisearre misdie de hân yn 'e pornografyske filmyndustry. De resultearjende films sirkulearren temûk yn freonefermiddens of fia omreizgjende ferkeapers fan (yn haadsaak) oar guod. Wa't troch de autoriteiten trappearre waard op it besitten of besjen fan in pornofilm, riskearre fan 'e 1920-er oant de 1950-er jierren in finzenisstraf.

Opnamen foar de Frânske pornofilm Inkorrekt(e)s, mei pornoakteurs Mahé (♀) en Titof (♂).

Doe't nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch de technologyske foarútgong it opnimmen fan homefideo's troch partikulieren mooglik makke, yn 't bysûnder troch de yntroduksje fan 'e filmformaten 8 mm en super-8, waard de produksje fan pornofilms dêr ek navenant makliker troch. Yn dy snuorje waarden yn Jeropa in protte eksplisite hardpornofilms makke, wylst men it yn 'e Feriene Steaten oer it algemien by softpornofilms hold.

Tsjin 'e 1960-er jierren waard yn in soad Jeropeeske lannen troch feroarjende maatskiplike noarmen en wearden it ferbod op pornofilms net mear bot ôftwongen. Yn 1969 wie Denemark it earste lân dêr't pornofilms legalisearre waarden. De measte oare Westerske lannen diene yn 'e jierren dêrnei itselde. Dat late ta in eksploazje fan kommersjeel produsearre pornofilms, dêr't yn it begjin ek bernepornografy mei jonge bern tusken siet. Dêr waard troch de autoriteiten yn 'e measte gefallen al rillegau it near op lein, hoewol't pornofilms mei minderjierrigen fan tusken de fjirtjin en achttjin jier yn in protte Jeropeeske lannen noch lange tiid legaal bleaune. Yn 'e Feriene Steaten kaam de minimumleeftyd lykwols daliks op achttjin jier te lizzen. Fan dy tiid ôf kaam it swiertepunt fan 'e wrâldwide produksje fan pornofilms foargoed yn Los Angeles te lizzen.

De filmposter fan 'e porno-filmklassiker Debbie Does Dallas (1978).

De perioade fan 1969 oant 1984 stiet wol bekend as it Gouden Tiidrek fan 'e Pornografy, benammen wat Noard-Amearika oangiet, mar yn mindere mjitte ek foar Jeropa. Yn dy tiid ûnderfûnen seksueel eksplisite films positive belangstelling fan 'e ynternasjonale sinema, filmkritisy en it publyk. Foarbylden wiene Blue Movie (1969), regissearre troch keunstner Andy Warhol, Mona the Virgin Nymph (1970), Behind the Green Door (1972), Deep Throat (1972), The Devil in Miss Jones (1973) en Debbie Does Dallas (1978). Under ynfloed dêrfan kaam der yn dy snuorje ek mear relatyf eksplisite seks foar yn mainstream-films, lykas Last Tango in Paris mei Marlon Brando en Maria Schneider, en Caligula (1979), mei Malcolm McDowell, Helen Mirren, Peter O'Toole en sir John Gielgud. Itselde gou foar de films fan it sexploitationsjenre, en yn Nederlân foar Blue Movie (1971), mei Hugo Metsers, Kees Brusse en Carry Tefsen, en Turks Fruit (1973), mei Rutger Hauer en Monique van de Ven.

Dat wiene ek de heechtijdagen fan 'e pornobioskopen: bioskopen dy't folslein wijd wiene oan 'e fertoaning fan pornofilms. Guon folle besprutsen pornofilms, lykas Deep Throat, draaiden sels yn mainstream-bioskopen. Sjoernalist Ralph Blumenthal fan The New York Times betocht foar sokke nije pornografy dy't rûnom akseptaasje fûn de term porno chic ("sjike porno"). Hoewol't, fral yn 'e Feriene Steaten, konservativen en kristlike aksjegroepen har tsjin 'e nije maatskiplik akseptaasje fan it pornofilmsjenre oankanten, waard harren troch it fûnis fan it Amerikaansk Heechgerjochtshôf út 1973 yn 'e rjochtsaak Miller v. California har wichtichste wapen út 'e hannen nommen, om't de wetlike definysje fan wat obseen wie, dêrtroch sterk beheind waard.

Traci Lords yn 2011. Yn 1986 helle sy hast de hiele Amerikaanske pornoyndustry ûnder fuotten, doe't oan it ljocht kaam dat se twa jier lang as minderjierrige yn pornofilms spile hie.

Oan it Gouden Tiidrek fan 'e Pornografy kaam lykwols in ein troch de yntroduksje fan 'e fideorecorder, dy't yn 'e iere 1980-er jierren yn 'e measte Amerikaanske en in protte Jeropeeske húshâldings húsriem waard. Om't de measte fans fan pornofilms der om foar de hân lizzende redens de foarkar oan joegen om sokke films yn 'e privacy fan harren eigen hûs te besjen, woeks de VHS-fideobân al rillegau út ta it meast brûkte distribúsjemedium foar pornofilms. It gefolch wie dat de pornoyndustry de djoere bioskoopfilm de rêch ta draaide en weromkearde nei ienfâldige lowbudgetproduksjes.

Fan 'e 1980-er jierren ôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan likernôch 1982 ôf waarden de measte pornofilms útbrocht op fideotape ynstee fan op filmrol. Dat makke de produksje in stik goedkeaper en de distribúsje in stik ienfâldiger. Ien fan 'e populêrste pornoaktrises yn 'e 1980-er jierren wie Traci Lords, dy't tusken 1984 en 1986 yn tal fan films spile. Yn maaie 1986 kaam lykwols oan it ljocht dat sy dyseldichste moanne noch mar krekt achttjin jier waard en dat se op fertoaning fan in ferfalske identiteitsbewiis twa jier lang as minderjierrige yn pornofilms aktyf west hie (wat yn 'e Feriene Steaten strang ferbean wie). Hoewol't de filmstudio's dêr't se foar wurke hie, te goeder trou west hiene, betsjutte de resultearjende opskuor op in hier nei de deadsstek foar de Amerikaanske pornoyndustry.

Fan realitytillefyzjestjer Kim Kardashian lekte yn 2007 de sekstape Kim Kardashian, Superstar út. Dêryn hat hja seksuele omgong mei sjonger Ray J.

Fan 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren ôf ferskynden pornofilms op dvd, earst noch njonken publikaasjes op VHS. Dat lêste format ferdwûn lykwols geandewei de 2000-er jierren. Dêrfoaroer stie dat yn 'e twadde helte fan dat desennium pornofilms ek op blu-ray begûnen út te kommen. Dêrnjonken late ein njoggentiger, begjin twatûzener jierren de opkomst fan it ynternet ek ta in revolúsje op it mêd fan 'e distribúsje fan pornofilms. In protte films waarden nei ferrin fan tiid hielendal net mear op in bylddrager útbrocht, of pas letter, as in soarte fan bykomstichheid. Ynstee waarden se ferspraat fia betelwebsiden fan pornoakteurs en pornografyske filmstudio's. Letter kamen dêr ek videohostingtsjinsten en peer-to-peer filesharing websiden by, lykas Pornhub, YouPorn en XHamster, dêr't fans (tsjin betelling) fideo's besjen of mei-inoar diele kinne.

Fierders kaam yn 'e 1990-er jierren ek foar it earst it ferskynsel op fan 'e útlekte sekstape fan ferneamde persoanen. In homefideo fan 'e Amerikaanske mainstream-aktrise Pamela Anderson en har man Tommy Lee, de drummer fan 'e rockband Mötley Crüe, waard yn 1995 by in ynbraak stellen út harren hûs. De troch Lee sels opnommen fideo, mei dêrop bylden fan it pear by it hawwen fan seks op harren houliksreis, lekte neitiid fia it ynternet út. Anderson en Lee klagen dêrfoar de Internet Entertainment Group (IEG) oan, wêrnei't it tusken de beide partijen ta in geheime skikking kaam. Neitiid waard de fideo legaal ferspraat oer it ynternet en ek útbrocht as keapfideo op VHS ûnder de titel Pamela and Tommy Lee Hardcore & Uncensored. Fan ferskate oare ferneamde froulju ferskynden neitiid soartgelikense sekstapes, lykas realitystjerren Paris Hilton (1 Night in Paris) en Kim Kardashian (Kim Kardashian, Superstar). Oer de sekstape fan Kardashian geane taaie geroften dat sy dy mei opsetsin útlekke litten hat om har karriêre foarút te helpen.

Pornoaktrise Inari oan 'e gong mei fellatio by in manlike tsjinspiler yn 'e film California Cocksuckers fan 'e filmstudio Sin City.

Ekonomyske aspekten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in artikel fan parseburo Reuters ferskynden der anno 2005 elts jier 11.000 nije pornofilms op dvd. Mei't de wrâldwide pornoyndustry dominearre wurdt troch de Feriene Steaten, komme fierwei de measte films dêrwei. Yn 1975 waard rûsd dat der troch de Amerikaanske pornoyndustry jiers sa'n $5 oant 10 miljoen fertsjinne waard, in sifer dat yn 2001 yn in artikel yn 'e Britske krante The Guardian oanhelle waard. Yn 1979 stie yn in offisjeel rapport fan 'e Amerikaanske oerheid wêryn't it Amerikaanske federale strafrjocht tsjin it ljocht holden waard, dat der "yn Los Angeles allinnich al jiers $100 miljoen bruto" fertsjinne waard oan 'e produksje fan pornofilms.

Hoefolle omset oft de Amerikaanske pornoyndustry hjoed de dei makket, is net alhiel dúdlik. Yn 2003 woe de Amerikaanske krante USA Today hawwe dat websiden as Danni's Hard Drive en Cybererotica jiers in opbringst fan $2 miljard binnenswilen, dat neffens itselde artikel noch mar 10% wêze soe fan 'e totale ynkomsten fan 'e produksje fan pornofilms yn 'e Feriene Steaten. Oare boarnen (Adams Media Research, Veronis Suhler Communications Industry Report en IVD) holden it neffens in artikel yn it tydskrift Forbes út 2001 op $2,6 oant 3,9 miljard yn totaal. It fakblêd AVN spriek oer $4,3 miljard, mar makke net dúdlik wêr't dat sifer op basearre wie. Neffens in artikel yn The Observer lei de omset fan 'e Amerikaanske produksje fan pornofilms yn 2007 jiers op $13 miljard.

Wetlike status fan pornofilms yn 'e wrâld.

██ legaal, útsein bernepornografy en inkele oare ekstremen, lykas bestialiteiten

██ foar in part legaal ûnder inkele brede beheinings, of mei in dûbelsinnige status

██ yllegaal

██ gjin gegevens

De wetjouwing omtrint pornofilms ferskilt fan lân ta lân. Yn in grut diel fan benammen Afrika en Aazje binne sokke films ferbean. Yn Jeropa binne pornofilms yn fierwei de measte lannen en territoaria folslein legaal (útsein fansels wat bernepornografy oangiet). Inkeld yn Bulgarije, Fatikaanstêd, Iislân, Litouwen, de Oekraïne en Wyt-Ruslân binne se yllegaal, wylst se yn it Feriene Keninkryk, Ruslân en Turkije foar in diel legaal binne of in dûbelsinnige status hawwe. Ek yn 'e Feriene Steaten, Kanada en it grutste part fan Súd-Amearika binne pornofilms folslein legaal.

It wrâldsintrum fan 'e produksje fan pornofilms is Los Angeles, yn 'e Feriene Steaten, dêr't in protte pornografyske filmstudio's konsintrearre binne yn 'e wyk Chatsworth. Fierwei de measte pornofilms yn 'e wrâld wurde makke yn 'e Feriene Steaten. Hoewol't de makkers dêr frijwat tsjinwyn krije fan fûnemintalistyske kristlike organisaasjes, beroppe se har op 'e frijwol ûnbeheinde Amerikaanske frijheid fan mieningsutering om sinsuer tsjin te gean. Yn Nederlân binne pornofilms folslein legaal en bestiet der gjin serieuze opposysje tsjin dy sitewaasje. Krekt as oeral yn 'e wrâld is bernepornografy yn Nederlân fansels wol strang ferbean. (Bernepornografy wurdt yn Nederlân definiëarre as eltse seksueel tinte fideo mei minderjierrige persoanen, dêr't dus net needsaaklikerwize seks oan te pas hoecht te kommen.) Dêrnjonken is ek pornografy mei bisten (bestialiteiten) yn Nederlân en in protte oare lannen net tastien.

Guon subsjenres fan 'e pornofilm binne:

Ferneamde pornoakteurs en -aktrises

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wa't ferneamd binne yn 'e pornoyndustry feroaret oer it algemien hurd, fral foar pornoaktrises. Manlike pornoakteurs hawwe ornaris in langere hâldberheidsdatum as froulju. Guon grutte nammen út it hjoed en it ferline fan 'e ynternasjonale pornoyndustry binne:

dizze kolom leech litte, dat drukt de oare beide wat tichter opinoar


Nederlânske pornoaktrises fan namme binne û.o. Helen Duval, Kim Holland, Bobbi Eden en Zara Whites. Foar wat allinnich sêfte pornografy oanbelanget, kin men ek tinke oan Sylvia Kristel en Laura Gemser. In ferneamde Belgyske pornoaktrise is Eva Karera.

Bekende pornoprodusinten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Inkele bekende produsinten fan pornofilms binne:

dizze kolom leech litte, dat drukt de oare beide wat tichter opinoar


Foaroansteande pornografyske filmstudio's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guon foaroansteande pornografyske filmstudio's binne of wiene:


Wichtige prizen foar pornografyske films

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste hjoeddeistige en eardere prizen foar prestaasjes op it mêd fan pornofilms binne:

dizze kolom leech litte, dat drukt de oare beide wat tichter opinoar


As fakblêd fan 'e Amerikaanske pornoyndustry fungearret it tydskrift AVN. It sintrale barren fan 'e Amerikaanske pornoyndustry is it AVN Adult Entertainment Expo, in fjouwerdeisk evenemint dat elts jier yn Las Vegas holden wurdt. De earste beide dagen is it in fakbeurs dy't inkeld foar lju út 'e pornoyndustry sels tagonklik is, wylst it de oare beide dagen in konvinsje is dy't, tsjin betelling, tagonklik is foar eltsenien.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.